Premium business template
8877-8564-222

Ús partners

01

Ekspertise Hein-Willem Leeraar

FINANSJEEL - YNTERNASJONAAL - UNDERSYK

Jo ha in agrarysk bedriuw en jo ha in fraach oer belizzingen, finansjele planning of in bûtenlânsk projekt. Of jo oerwage in saaklike skieding of oername. Hein-Willem Leeraar & Partners advisearret agraryske ûndernimmers oer jildsaken. Wy helpe al jierren agrariërs mei in protte sukses.

Tegearre mei syn ûnderskate erkende partners en partisipanten hâlde wy ús ek dwaande mei fernijende en eksperimintele ûntwikkelingen op agrarysk mêd. It ûndersyk nei mais ûnder foly as kânsrike nije teelttechnyk is dêr in goed foarbyld fan.

02

Oer Hein-Willem Leeraar

ERVAREN en Resultaatgericht

Hein-Willem Leeraar wurket al 20 jier as adviseur foar agraryske ûndernimmers yn binnen en bûtenlân. Syn kennis, ûnderfining en netwurk die hy op yn it ûnderwiis  (International Agricultural Centre yn Wageningen), by De Landbouw Voorlichting (DLV) en as direkteur fan it agrarysk team fan Credion. Hy publisearret geregeld ûndersyksresultaten yn fakblêden en fia portals op ferskillende websites.

Wurkje mei Hein-Willem Leeraar & partners betsjut to-the-point en earlik advys. Tegearre mei jo wurkje wy oan de oplossing dy’t foar jo it bêste is. Stûket in proses? Dan sette wy der even in ekstra toskje by. Altyd rjochte op it resultaat. Altyd tegearre mei jo.

Wolle jo witte wat wy foar jo betsjutte kinne? Belje ús: 0566-60 04 48 of 06-53 14 54 42. Uteraard bringe wy jo graach yn kontakt mei ús klanten.

To-the-point en earlik advys

03

Partners

Hein-Willem Leeraar wurket gear mei in tal fêste en deskundige partners. Mei elk harren eigen spesjalisme.

AGRARISCH LABARATORIUMONDERZOEK NOORD NEDERLAND  – ALNN

ALNN

De ALNN analysearret grûn-, dong- en plantmûnsters. Gehaltes stikstof, fosfaat, kalsium, magnesium, koper en mangaan bepale it rjocht dieet: foar de bisten en foar it lân.

Mei Hein-Willem Leeraar wurket ALNN oan in krekte analyze fan de mais, ferboud ûnder foly.

www.alnn.nl

MELKWINNING J.A.

Melkwinning JA logo

Melkwinning J.A. fan Johan Grolleman advisearret oer molkwinning en optimale sûnens fan it jaar. Melkwinning J.A. helpt greidboeren swierrichheden mei molkwinning op te lossen of de molkwinning foar de takomst te ferbetterjen.

De gearwurking mei Hein-Willem Leeraar rjochtet him op diersûnens en it ferbetterjen fan de wurkomstannichheden.

www.melkwinningja.nl

VERENIGING AGRARISCHE BEDRIJFSADVISEURS – VAB

Vab logo2005lowres

De vab is dé fakferieniging fan bedriuwsadviseurs yn de agraryske sektor.

Hein-Willem Leeraar oefene de ôfrûne jierren in protte bestjoersfunksjes út binnen de organisaasje.

www.vabnet.nl

PRIORE ACCOUNTANTS & BELASTINGADVISEURS

priore

By Priore yn It Hearrenfean witte se alles fan belestingen, boekhâlding, salarisadministraasje en alles wat der by komt te sjen.

Hein-Willem Leeraar skeakelet de spesjalistyske deskundichheid fan Priore geregeld yn om belestingsfoardielen foar syn klanten te realisearjen.

www.priore.nl

SAMCO

samco_logo

It Ierske bedriuw Samco makket 4-yn-1 lânboumasines. Dizze masine docht fjouwer dingen tagelyk: hy sieddet maissied, jout kuenstmest, spuitet ûnkrûd deadzjend middel en leit in tinne, natuerlike ôfbrekbere laach foly.

Hein-Willem Leeraar is agint foar Samco yn Nederlân. Hein-Willem befoarderet en ferkeapet harren foly en harren foly siedmasines.

www.samco.ie

BOGERMAN COLLEGE SNEEK

Bogerman is in skoallemienskip fan jongeren en folwoeksenen, dy’t harren ûntwikkelje wolle mei holle, hert en hannen.

Hein-Willem jout alle jierren trije moannen trije oeren wyks gastlessen Bedriuwsekonomy foar 5VWO op it Bogerman. De learlingen wurdt yn dat tiidsbestek leard in bankêr akseptabele kredytoanfraach te skriuwen, dy’t se sels ferdigenje moatte yn it bywêzen fan in akkount manager fan de lokale bank. Der wurdt yn duo’s wurke en it einprodukt leit op it nivo fan HBO-4.

Al in oantal jierren bestiet der in yngeande gearwurking mei it bedriuwslibben yn Fryslân. Binnen syn netwurk siket Hein-Willem Leeraar opdrachten fan bedriuwen, dy’t learlingen útfiere kinne. Dit yn it kader fan harren PWS ôfstudearwurkstik. Soms sitte dêr ek bûtenlânske bedriuwen by.

Foarbylden:

  • It opstellen fan in sterkte-swakte analyze fan en foar in ûndernimming aktyf yn it toerisme.
  • In merkûndersyk foar in BVO
  • Analyze fan de merk foar fúzjes en oernamen
  • Analyze fan it koöperaasje-model yn agrarysk Nederlân
  • Undersyk nei merk kânsen foar in nije miljeufreonlike spuit technyk yn de lânbou. Dit gie in Iers bedriuw oan.

 

www.bogerman.nl

www.facebook.com/IBCKO/