Gearfetting resultaten Mangaan en Boarium 2011
Klik hjir foar it rapport:
Resultaten 2011 Mangaan Borium
Doel: Kinne de mangaan- en boariumbeskikberens yn grûn better fêststeld wurde om úteinlik ta bettere advizen foar it bedongjen te kommen.
Meardere grûnmeunsters en parameters binne analysearre by dizze stúdzje. De meast relevante útslaggen stean yn ’e tabellen 1, 2 en 3. De resultaten litte sjen dat de oplosbere fraksje fan boarium (B) (sis mar maklik beskikber) gemiddeld ûngefear 3% is fan it totaal oanwêzige boarium yn ’e boaiem (mei in sprieding fan 1,2–10%) wylst it totaal oan reaktyf boarium (sis mar it diel dat neilevere wurde kinne soe) gemiddeld 9% wie fan it yn totaal oanwêzige boarium yn ’e grûn. Yn it gefal fan mangaan (Mn) wie de oplosbere fraksje ek leech: ca. 5%, mar de sprieding wie folle grutter. De leechste wearden waarden fûn by Kooiker te Grijpskerk, dêr’t de oplosbere fraksje mar 0,04% wie fan it totaal (de reden dêrfoar is de hege pH fan ’e grûn). Oan ’e oare kant waard de grutste oplosbere mangaan-fraksje fûn by Van Emst, De Tynje: 17,34% (dy grûn hat de leechste pH-wearde en in behoarlik diel organyske stof).
De totale reaktive wearden foar mangaan wurde neier besjoen, omdat it hiel oannimlik is dat de standertmetoaden, brûkt yn it laboratoarium (0,43M HNO3 ekstraksje) net adekwaat binne foar dit spesifike metaal. In nije bepalingsmetoade wurdt oerwage as in ferfanging foar de tradisjonele gemyske analyze.
Yn figuer 1 sjogge wy de korrelaasje tusken it diel grûnoplosber mangaan en de konsintraasje yn it planteweefsel. Der is in dúdlik positive relaasje, mar by in R2 wearde fan 0,42 bliuwt it mar in yndikaasje en kinne der gjin hurde konklúzjes oan ferbûn wurde. Yn it gefal fan boarium (figuer 2) is der gjin dúdlike korrelaasje oplosber boarium yn ’e grûn foaroer de konsintraasje yn it planteweefsel oantroffen. We kinne sjen dat ferlykbere persintaazjes boarium oantroffen wurde yn it planteweefsel by ferskillende persintaazjes oplosber boarium yn ’e grûn. Dat is in yndikaasje dat op dy grûnen it opnimmen fan boarium net bepaald wurdt troch it persintaazje oplosber boarium yn ’e grûn*.
It ûndersyk is noch net ôfrûne, sadat it lêste wurd der noch net oer sein is.
De analyzeresultaten fan ’e maisperselen binne ien fan ’e boustiennen om ta in better ynsjoch te kommen.
* Noat Leeraar, projektleder Mais-ûnder-foly 2009-2011: boarium lykas fermeld by dit grûnûndersyk betreft it yn wetter oplosbere diel fan boarium. Direkt beskikber dus foar de plant. Der wurdt yn it foarste plak in behoarlike feilichheidsmarzje hantearre. Twad betsjut in lege wearde dus net perfoarst by struien; Mooglik dat it reaktive part boarium (part dêr’t út neilevere wurde kinne soe binnen it groeiseizoen) wol in hege wearde hat. Op it stuit wurdt dat lykwols (noch) net ûndersocht.
** Foar fragen oer dit artikel kinne jo kontakt opnimme mei Dr. W. Bussink, NMI Wageningen, begelieder fan it ûndersyk.