Premium business template
8877-8564-222

De 5 stadia fan de teelt fan mais ûnder foly

01

It bewurkjen fan de grûn

It earste stadium fan de teelt fan mais ûnder foly is it bewurkjen fan de grûn.  Dit moat úteinlik liede ta in geskikt (lês: fyn kerrelich ) bêd.

It bewurkjen fan de grûn begjint mei de beslissing fan wol as net ploegje foar de winter. De foardielen binne: by wat froast brekt de grûn yn lytse stikjes as gefolch fan it útsetten fan focht; it risiko is ast in kletstrochwiete winter krijst sûnder wat froast fan betsjutting, dan ha jo troch te ploegjen in grutte brintabrij makke. En it duorret yn de maitiid dan langer foardat it wer in bytsje te bewurkjen en begeanber is. Op klaai-op fean-grûn is der noch in bykommend risiko en dat is: te djip ploegje (djipper as 30 sm) dan bringst nammentlik soere feangrûn nei boppen en dêr wurdt gjin plant gelokkich fan.

Ploegjen is yn faktaal ‘in kearende bewurking fan de grûn’. Alternatyf is dus yn de maitiid ploegje. Op feangrûn mei sa’n tin klaaidek is in bewurking mei in kultivator in alternatyf. In kultivator lûkt de boppegrûn mei tosken los. Is dus gjin kearende bewurking fan de grûn. Leit der noch in gersmatte, dan moat dy by foarkar deaspuite wurde, foardat dy bewurke wurdt. Uteinlik makket in rotoreg de grûn moai fyn.

03

Groei

It tredde stadium fan de mais ûnder foly teelt is de groei

Nei 8 dagen stiet it kymplantsje boppe de grûn. Sûnder foly soe dit grif 20 dagen duorje. Dus dat is de 2e tiidwinst as it ware. Under it foly rint de temperatuer rap op nei 35-40 graden Celsius, by in flau maitiidssintsje. Focht ferdampt mar kondinsearret daliks tsjin it folydek oan. It resultaat: in hearlik klam tropysk gefoel. Mais is in subtropysk gewaaks, foar de  minsken dy’t dit fergetten binne. It foly hat in gatsjes struktuer om wyn en wat reinwetter troch te litten, (pinholes). Nei 8 wiken brekt de plant troch it foly hinne, groeit fluch (100 kg drûge stof per dei) en ein augustus is de plant ryp foar rispjen, wat mooglikheden jout foar it ynsiedzjen fan gers, as rotaasje winske is. Gers siedzjen yn de hjerst leveret €300 mear op yn fergeliking mei gers siedzjen yn maaie.

04

Rispjen

It fjirde stadium fan de mais ûnder foly teelt is de rispinge.

Fan It gewaaks wurdt yn de proefopset  it gewicht bepaald en analysearre. Wy sjogge al twa jier in sterk ferhege setmoalgehalte. Yn it Noarden is dit in belangryk teeltdoel om fiedingtechnyske redenen. Heechproduktyf melkfee hat ommers ferlet fan setmoal. De oarsaak fine wy yn it beskikbere sinneljocht yn juny en july. Trochdat it groeien flugger giet fynt in sterkere opbou fan sûker plak, wat úteinlik liedt ta mear setmoal. Sirka  €200-300 per ha.

02

Siedzje

It twadde stadium fan de teelt fan mais ûnder foly is it siedzjen.

De siedsjes wurde op ûngefear 12½ sm ôfstân siedde op ûngefear 5 sm djipte. 100.000 siedsjes (‘pitten’) per ha. Om in better ûntwikkeld gewaaks te krijen kin it tal pitten werombrocht wurde nei sirka 90.000 / ha. Wat minder planten, mar wol better ûntwikkele planten. It omslach punt ferskilt per ras. Daliks nei it siedzjen wurdt spuite mei in ûnkrûd deadzjend middel. Dêrnei wurde 2 rigen bedutsen mei foly, oan wjerskanten sirka 30 sm bedutsen mei grûn. Ek hjir is losse grûn fan belang, want by grutte kluten skuort it foly. Normaliter moat de temperatuer fan de boaiem sirka 12 graden Celcius wêze (oars ferrottet it sied) en kin der siedde wurde fan ein april ôf. Troch it foly waarmet de grûn op en kin der ½ april al siedde wurde, noch earder as de draachkrêft fan de grûn it talit (y.f.m. de swierte fan de masine). De foly kostet ûngefear €260/ha.

Hoe’t it oanbringen fan it bêd foar de mais ûnder foly yn syn wurk giet kinne jo yn de fideo hjir ûnder besjen.

05

Ynkûlje

Hoewol it net echt in teeltstadium is, is de lêste hanneling fanselssprekkend it ynkûljen fan de ûnder foly ferboude mais en it fuorjen dêrfan oan it fee. It ynkûljen is in sekuer wurkje wat mei soarch en fakmanskip dien wurde moat, om broei as sels brân foar te kommen.

Besjoch it filmke fan it ynkûljen fan de ûnder foly ferboude mais.