Ein july hat Hein-Willem in brief fan de de ambassadeur fan Ierlân krigen.
Okkerdeis hie er dizze Kevin Kelly rûnlieden en in fariëerd programma gearstald.
Mei ûnder mear in besite oan de heechste terp fan Fryslân, de Waadsee en Urk.
Yn de brief skriuwt de ambassadeur dat hy ûnder de yndruk is fan alle eleminten fan de besite en de ferhalen fan de skiednis fan
Ljouwert en Fryslân sa’t Hein-Willem dy fertelde.
It selskip wie ek op besite op pleatsen dêr’t Ierske technology brûkt waard.
De ambassadeur hopet dat de besite beide lannen tichteby elkoar brocht hat.
Lêz’ hjir de folsleine brief fan de ambassadeur.De Agraryske Schouw yn De Jouwer op 23 septimber ll. wie in grut sukses. De nije 6-rijer fan Heeringa Cultuurtechniek luts by ‘t soad de oandacht. Dizze 6-rijer is de masine wêrmei mais ûnder foly ynsiedde wurdt.