Premium business template
8877-8564-222

Ynternasjonaal

01

Ynternasjonaal

Egypte, Peru, Ingelân, België, Ethiopië.  Yn rom 20 jier kaam Hein-Willem Leeraar yn in protte lannen. Hy fierde dêr as agrarysk bedriuwsadviseur in protte ynternasjonale opdrachten út. Hy wreidt syn kennis út mei ynternasjonale stúdzjereizen. En dat is wer handich foar jo. It soarget der foar dat jo altyd in aktueel, earlik en deskundich advys krije.

Hjirûnder fine jo in greep út inkele fan ús ynternasjonale praktyksituaasjes.

Behoefte oan mear details? Fragen oer in spesifyk lân of ûnderwerp? Nim gerêst kontakt mei ús op.
Belje 0566-60 04 48 of 06- 53 14 54 42 of stjoer in e-mail neimail@heinwillemleeraar.nl.

 

Asto dochst watst altyd diest, krijst watst altyd krigest.

02

Agro Reis Academy

Sûnt 2015 is Hein-Willem Leeraar eigner fan Agro Reis Academy. Agro Reis Academy organisearret stúdzjereize en ekskurzjes yn binnen- en bûtenlân foar spesifike doelgroepen yn de agro- en foodbrânzje. De stúdzjereizen syn fan in hege kwaliteit wêrby it programma altyd is gearstald mei in lokale ekspert.

www.agroreisacademy.nl

03

Lannen

Belgie

BELGIË

I – 2006

Opdracht:
Belgysk boerebedriuw ferkearde yn finansjele swierrichheden. Hein-Willem Leeraar & partners waard frege de koerantheid te beoardieljen mei as doel it bedriuw ferkeapklear te meitsjen.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Finansjele analyzes meitsje
  • Ferkeapmemorandum opsteld

 

Opdrachtjouwer:
Partikulier

BELGIË

II- 2011 en 2012

Opdracht:
Stúdzjereis organisearre en útfierd

Aard fan ’e aktiviteiten:

 

Opdrachtjouwer:
Vereniging Agrarische Bedrijfsadviseurs

Ferslach fan de Eurotrip nei Brussel.

vlag brazilie

BRAZILIË I

I – 2016

OPDRACHT:
Stúdzjereis foar in groep agrarysk ûndernimmers út Nederlân en Dútslân.

 Aard fan de activiteiten

  • Besite Nederlânsk konsulaat yn São Paulo, besprekking mei fertsjintwurdiging Rabobank International en advocatenkantoor
  • Rondreis lâns foaroansteande bedriuwen yn de regio Holambra, Castrolanda, Paraná en Curitiba
  • Oriëntatie op Braziliaanse agraryske merk
  • Yn byld bringe fan de mooglikheden oant emigratie en remigratie

Opdrachtjouwer:
Agro Reis Academy

Foto’s:
Besjoch it fotoalbum

CONGO

I – 2016

SITUAASJE:
Hein-Willem Leeraar is troch Agriterra frege om in bydrage te leverje oan in projekt foar de kofje coöperatie AKMA yn de provinsje Zuid-Kivu yn Congo. It doel fan dizze reis wie in saneamde assessment stúdzje útfiere. De wurkwize fan agriterra om oant dizze stipe te kommen is als folget: 1. Scoping, 2. Assessmentrapport, 3. It businessplan.

Hein-Willem wie ferantwurdlik foar de saneamde ‘Financial Health Check’. Hein-Willem reisde tegearre mei Agriterra-deskundige Niek Thijssen. Thijssen rjochte him op it bestuurlijk diel, de Governance Health Check. Agriterra set faak duo’s tegearre yn op in projekt.

Aard van ‘e activiteiten:

  • Skriuwen fan in bedriuwsplan
  • Besite oan koffieplantages
  • Besite fan lokale boeren
  • Ynsjoch yn de teelt fan kofje (folsleine keten)
  • Discussies mei it bestjoer fan de lokale coöperatie oer  financieringsmogelijkheden

 

Opdrachtjouwer:
Agriterra

vlag Denemarken

DENEMARKEN

I – 2005

OPDRACHT:
Stúdzjereis foar konsultants yn ’e Nederlânske agri-business.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Besprekking mei Deenske fiskalisten
  • Yn byld bringen fan ’e kânsen en bedrigingen fan ’e Deenske boeren
  • Oriïntaasje op Deenske agraryske merk
  • Yn byld bringen fan ’e mooglikheden ta emigraasje en remigraasje

 

Opdrachtjouwer:
Vereniging Agrarische Bedrijfsadviseurs

DENEMARKEN

III – 2017

OPDRACHT:
Advys by oankeap bedriuw.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Oriintaasje op de Deenske agraryske merk
  • Gesprekken mei NL boeren yn Denemarken
  • Gesprekken mei ferkeapers/makelders
  • Besykjen fan bedriuwen dy’t te keap stean
  • Advys ynwinne by spesjalisten

 

Opdrachtjouwer:
Partikulier

DENEMARKEN

II – 2011

OPDRACHT:
Merkferkenning foar werstart mais-ûnder-foly

Aard fan ‘e aktiviteiten:

  • Besite oan bargehâlder Jan Gram Pedersen
  • Besite oan leanwurker

 

Opdrachtjouwer:
Partikulier

vlag Duitsland

DÚTSLÂN

I – 2003

OPDRACHT:
Nederlânske boeresoan oerwage om yn Dútslân in agrarysk bedriuw oer te nimmen om in nije takomst op te bouwen. Nederlân bea him te min romte. It idee wie: semigraasje.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Bedriuwsplan ûntwikkelje
  • Finansjele analyzes meitsje
  • Merkferkenning
  • Totaal-advys

Opmerkingen:
Twa potinsjele oernamekandidaten binne ûndersocht en besocht. Yn beide gefallen is advisearre de keap net trochgean te litten. Yn it iene gefal omdat it gebiet te droech wie om sûnder hege ynvestearringskosten gau mei foldwaande rendemint te draaien en yn it twadde gefal waard de freechpriis net merkkonform befûn.

Opdrachtjouwer:
Partikulier

DÚTSLÂN

II – 2011

OPDRACHT:
Besite oan teler mais-ûnder-foly yn it Eifelgeberchte

Aard fan ‘e aktiviteiten:

  • Beoardieling teelt
  • Algemiene bedriuwsbesite yn ferbân mei merkferkenning


Opdrachtjouwer:
Partikulier

Vlag Egypte

EGYPTE

I – 2000

OPDRACHT:
Stúdzjereis fan Fryske boeren

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Besite sitrusplantaazje
  • Besites ferskillende melkfeebedriuwen
  • Besite oan poatguodteler en tomateteler

 

Opdrachtjouwer:
Partikulier

EGYPTE

II – Perioade 1992 – 2002

OPDRACHT:
Consultancy yn gearwurking mei ambassaderied, merkferkenning foar ynvestearders.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Utbringen fan feefiedings- en teeltadvizen oan Egyptyske melkfeehâlders- en túnbouprodusinten

 

Opdrachtjouwer:
Partikulier

vlag Ethiopie

ETHIOPIË

I – 2014

OPDRACHT:
Nederlânske ynvestearders  oerwege te ynvestearjen yn in greidebedriuw yn Ethiopië. It bedriuw is mei eigen jild ûntwikkele fan 2008 ôf en is no foaroprinnend foar wat ‘the state of the art’ oanbelanget yn de Ethiopyske greidebedriuw sektor. Mei help fan de nije ynvestearring moat de status fan modelbuorkerij as regionaal opliedingssintrum realisearre wurde, ynklúsyf it opsetten fan ferwurkingsôfdieling. Hein-Willem Leeraar & partners wurdt frege in feasibility study te skriuwen.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Besyk oan greidbuorkerij
  • Observaasje praktykomstannichheden
  • Beoardieling, molk technyk, rantsoen, dong, fee, stâl klimaat, kondysje lân, winkel befoarrieding,  ferkeap, sifers foargeande jierren
  • Kontakten lizze mei taleveringsbedriuwen, binnen en bûten Ethiopië
  • Besprekking mei de ûndernimmer c.q. de bedriuwsopfolger
  • Besprekken doelstellingen fan de ûndernimmer en de bedriuwsopfolger

 

Opmerkingen:
In protte potinsje oanwêzich

Opdrachtjouwer:
Partikulieren

Foto’s:
Fotograaf Max Kooijmans makke foto’s fan ‘e reis.

Bijlagen:

– Voorwoord en Considerans

– Rapport

Hein-Willem Leeraar yn OFTV:
Yn OFTV fan 12 april 2014 siet in item oer de reis fan Hein-Willem Leeraar nei Ethiopië. Dat is te besjen fanôf minút 25.

Ethiopië 

II – 2020

Opdracht:
In ferbetterplan skriuwe foar de Exodus Farm, Sodo.  De fennoaten wolle in hegere molkeproduksje en in útwreiding fan it tal kij. Yn 2018 begien mei de Dairy Unit,  2015 mei de Poultry Unit.  Rûchwei tsien kij yn in houten stâl mei fêste plakken. Hiem en lân rûchwei sawn pûnsmiet. It lân leit der deldrachtich (skol kin ek) hinne, op sa’n 2400 meter hichte. It waar is trochstrings tige noflik en der is rom wetter ta beskikking.

Trainees van it neistlizzende ATVET College wurde oplaad.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Besite oan bedriuw
  • Beoardieling fan húsfesting
  • Plan foar roufoerteelt meitsje
  • Yn ‘e kunde komme mei finansiers
  • In ferskaat oan besprekkingen
  • Yn ‘e kunde komme mei de boargemaster
  • Rantsoenberekkening meitsje
  • Ynspeksje wettertafier

 

Opmerkingen:
Undernimmers binne tige motivearre. In protte potinsje oanwêzich.

Opdrachtjouwer:
Partikulieren

Ethiopië 

III – 2022

Opdracht:
Ferbetterplan skriuwe foar de Exodus Farm, Sodo: binne de minsken klear foar de folgjende stap? Fennoaten wolle in hegere molkproduksje per ko en in útwreiding fan it tal kij. 2018 begûn mei de Dairy Unit, 2015 mei de Poultry Unit. Begûn mei in tsiental bisten yn in houten gropstâl. Hiem en ûndergrûn = ûngefear 2 ha. Licht gloaiend terrein. Hiel oangenaam klimaat op ûngefear 2400 meter hichte. Genôch wetter beskikber. Trainees fan it neiste ATVET College wurde oplaat. Yn 2021 is in eigen praktykskoalle úteinsetten op it boerehiem.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Besyk oan bedriuw
  • Beoardieljen fuortgong oanbefellingen en húsfesting
  • Plan foar rûchfoer teelt meitsje
  • Yn de kunde komme mei finansiers
  • Ferskate besprekkingen
  • Yn de kunde komme mei de boargemaster
  • Rantsoen berekkening meitsje
  • Ynspeksje wettertafier

 

Opmerkingen:
Undernimmers binne tige motivearre. In protte potinsje oanwêzich.

Opdrachtjouwer:
Partikulieren

USA vlag

FEREINE STEATEN

I – 2003

OPDRACHT:
Nederlânske boer hat sawol yn Nederlân as yn ’e Feriene Steaten (New Mexico) in melkfeebedriuw. Op it Amerikaanske bedriuw (sa’n 1.000 kij) swaait in Nederlânske bedriuwslieder de skepter. De Amerikaanske festiging draait prima mar makket frjemd genôch amper winst. Hein-Willem Leeraar wurdt frege om op it plak sels te besjen wat dêr de oarsaak fan is.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Fraude ûndersyk
  • Finansjele rapportaazjes meitsje

Opmerkingen:
It die bliken dat de bedriuwslieder fraudearre mei bedriuwsjild. Hy is dêrnei arrestearre en ta werombeteljen twongen.

Opdrachtjouwer:
Partikulier

vlag Frankrijk

FRANKRYK

I – 2004

OPDRACHT:
Nederlânske boeresoan oerwage om it Nederlânske bedriuw fan syn âldelju te ferkeapjen om yn Frankryk in camping te eksploitearjen.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Bedriuwsplan ûntwikkelje
  • Finansjele analyzes meitsje
  • Merkferkenning
  • Totaal-advys

 

Opmerkingen:
Advys om de camping op de lokaasje dy’t er op it each hie yn Frankryk net te starten is opfolge; aktiviteit is net opstart fanwege de te hege oanrinkosten en de ferwachte beheinde ynkomsten.

Opdrachtjouwer:
Partikulier

Flag_of_Guinea.svg

GUINEE (Conakry)

I- 2017

It molkfeebedriuw flakby de haadstêd Conakry hat 125 stiks fee en sa’n 125 hektare, oanien sletten oan ien blok en omheind. Der steane in stik as wat stallen, wêrûnder 1 nije, folslein modernisearre stal. Der kin op in behoarlik part yrrigearre wurde troch middel fan befloeiïng. It bedriuw ferkeapet molke en yochert yn de haadstêd op in 20-tal ferkeap plakken. Mei help fan in analyze fan de aard en it wurk fan it bedriuw moat der in ferheging fan de molkproduksje realisearre wurde om oan de heger wurdende fraach te foldwaan. It bedriuw is eigendom fan de Minister fan Lânbou, Mefr. Jacqueline Sultan.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Meardere kearen besykjen fan it molkfeebedriuw
  • Observaasje praktykomstannichheden
  • Beoardieling aktiviteiten, lykas melktechnyk, rantsoen, fruchtberens, stâlklimaat, ferkeap ensf….
  • Opstellen fan in SWOT analyze
  • It besprekken mei de ûndernimmer

 

Opmerkingen:
Doelen binne te realisearjen, potinsje is oanwêzich

 

Opdrachtjouwer:
PUM

 

Bsjoch de foto’s: klik klik hjir foar it folsleine album

Klik hjirûnder op de karrûsel foar in seleksje:

vlag ierland

IERLÂN

I – 1998

OPDRACHT:
Factfinding missy, wêrby’t de fokus lei op miljeumaatregels, wêrmei’t de Europeeske boeren yn ferskillende lannen konfrontearre wurde.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Miljeumaatregels op it agraryske mêd oersetten nei de Nederlânske situaasje
  • Nederlânske boeren ynsjoch jaan yn Europeeske miljeumaatregels
  • Oriïntaasje op Ierske agraryske merk
  • In soad prate mei lokale boeren

 

Opdrachtjouwer:
Europeeske Uny

IERLÂN

III – 2009

OPDRACHT:
Leanwurker wol Ierske teelttechnyk yn mais tapasse yn Nederlân. Dêrta ynstruksje-program en factfinding missy organisearre en útfierd.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Underhannelingen oer saaklike aspekten fasilitearre
  • Proef opset ûnder in fiiftal Fryske boeren.

 

Opdrachtjouwer:
Partikulier

IERLÂN

II – 2008

OPDRACHT:
Stúdzjereis organisearre en begelaat foar consultants spesjalisearre yn ’e agraryske sektor.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Yn byld bringe fan ’e kânsen en bedrigingen fan ’e Ierske boeren
  • Oriïntaasje op Ierske agraryske merk
  • In soad prate mei lokale boeren

 

Opdrachtjouwer:
Vereniging Agrarische Bedrijfsadviseurs

IERLÂN

IV- 2011

OPDRACHT:
In groep feehâlders út Noard-Nederlân giet op besite by kollega’s yn Ierlân yn it ramt fan in stúdzjereis. Alle dielnimmers partisipearje yn it projekt ‘mais-ûnder-foly’. Rjochte op in bettere rintabiliteit fan ‘e maisteelt yn kombinaasje mei in beheining fan ‘e miljeudruk. Ek inkele leden fan ‘e begeliedingskommisje namen diel oan ‘e stúdzjereis.

Aard fan ‘e aktiviteiten:

  • Besite oan melkfeehâlders en ikkerbouwers yn Ierlân. Besites oan proeffjilden: rassen, foly, gewaakbeskerming. Besite oan it fabryk, dêr’t de maissied-masine makke wurdt en besites oan leanwurkers.
  • Fasilitearre troch de provinsje Fryslân.

 

Opdrachtjouwer:
Partikulier

Programma stúdzjereis Ierlân

vlag Engeland

INGELÂN

I – 1998

OPDRACHT:
Factfinding missy, wêrby’t de fokus lei op miljeumaatregels, wêrmei’t de Europeeske boeren yn ferskillende lannen konfrontearre wurde.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Miljeumaatregels op it agraryske mêd oersetten nei de Nederlânske situaasje
  • Nederlânske boeren ynsjoch jaan yn Europeeske miljeumaatregels
  • Oriïntaasje op Ingelske agraryske merk
  • In soad prate mei lokale boeren

 

Opdrachtjouwer:
Europeeske Uny

INGELÂN

II – 2010

OPDRACHT:
Organisaasje stúdzjereis

Aard fan ‘e aktiviteiten:

  • Besite oan agrarysk bedriuw dat etearyske (ferdampende) oaljes makket. Etearyske oaljes binne makke fan planten en wurde brûkt foar it fersprieden fan in natuerlike aroma yn bygelyks de húskeamer of foar it nimmen fan in bad. Dy oalje wurdt ek in soad yn ’e sûnenssoarch brûkt, dêr’t de terapy mei dy oaljes aromaterapy neamd wurdt.
  • Besite oan LAMMA show Lincolnshire Agricultural Machinery Manufacturers Association

 

Opdrachtjouwer:
Partikulier

Israel vlag

ISRAËL

I – 1980

OPDRACHT:
Staazjeperioade as ûnderdiel wrâldoriïntaasjereis.

Aard fan ’e aktiviteiten:
Bestudearjen fan:

  • feefiedingsstrategyen (TMR);
  • molkwinningssystemen;
  • arbeidsferhâldingen;
  • feeferbetteringsprogramma’s.

 

Opdrachtjouwer:
Partikulier

ISRAËL

II – 2010

OPDRACHT:
Stúdzjereis organisearre en begelaat foar consultants spesjalisearre yn ’e agraryske sektor. Sketsen fan ’e mooglikheden en bedrigings foar Israëlyske boeren.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Oriïntaasje op de Israëlyske agraryske merk.
  • In soad petearen mei lokale boeren.

 

Opdrachtjouwer:
Vereniging Agrarische Bedrijfsadviseurs

Film:

vlag canada

CANADA

I – 2017

OPDRACHT:
Advys by oankeap bedriuw.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Oriintaasje op de Kanadeeske agraryske merk
  • Gesprekken mei NL boeren yn Kanada
  • Gesprekken mei ferkeapers/makelders
  • Besykjen fan bedriuwen dy’t te keap stean
  • Advys ynwinne by spesjalisten

Opdrachtjouwer:
Partikulier

Link nei online fotoalbum:
Album

CANADA

II – 2022

OPDRACHT:
Besyk oan melkfeehâlder yn New Brunswick. Bedriuwsplan meitsje rjochte op fergrutting fan it bedriuw.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Besprekking mei melkfee leveransiers
  • Besprekking mei byfoer leveransier, melkkontrôle organisaasje
  • Besprekking mei bank

Opdrachtjouwer:
Partikulier

letland vlag

LETLÂN

I – 2012

OPDRACHT:
Ierske fabrikant Samco krijt besite fan maisteler út Letlân, dy’t ynteressearre is yn ’e teelttechnyk foar mais sa’t dy ûntwikkele is troch Samco. Boppedat kin útbou fan ’e Letske merk ta de mooglikheden hearre. Hein-Willem Leeraar wurdt frege in factfinding missy út te fieren.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Besite Letske melkfeebedriuwen
  • Besite tsiental maisperselen
  • Besprekkingen mei feehâlders
  • Kontakten lizze mei Nederlânske belutsenen dêre
  • Grûn- en kuilmeunsters nimme
  • Beoardieling stâlklimaat en rantsoen
  • Utfiering poat-score
  • Bedongingsadvys en feefoeradvys op basis fan analyzes fan de meunsters

 

Opmerkingen:
Potinsje oanwêzich

Opdrachtjouwer:
Partikulieren

Foto’s:
In Lets boerengezin freget advys

IMG_3490

IMG_3493

 

luxemburg flag

LUXEMBURG

I – 2014

OPDRACHT:
Besyk oan de Europese Inversteringsbank yn Luxemburg foar besprekking mei de ôfdieling Grondstoffen en Agro-Industrie. Doelstelling: it yn kaart bringen fan financieringsmooglikheden foar ynvestearringen yn Europa en East Afrika.

Aard fan it wurk:

  • Presintaasje oangeande it produkt assortimint fan it R&D bedriuw;
  • Besprekking mei de direksje fan de patinthâlder.

 

Opmerkingen:
Ôfspraken makke foar in ferfolch beoardieling troch de Eurpese Investeringsbank.

 

Opdrachtjouwer:
R&D company út Ierlân

mali vlag

MALI

I – 2014

OPDRACHT:
De greidbuorkerij flakby de haadstêd Bamako hat 300 stiks fee en sa’n 300 hektare grûn ferdield oer ferskillende gebieten súdeastlik en noardeastlik fan de haadstêd. Dêrneist binne der op it bedriuw geiten, skiep en ûngefear 2000 fleispiken. It bedriuw ferkeapet molke yn de haadstêd en is lid fan in Koöperaasje dy’t bestiet út 120 leden. Alle dagen wurdt der 2500 liter molke oanlevere troch de leden. Troch de wei fan in analyze fan de aard en it wurk fan it bedriuw moat der in ferheging fan de molkproduksje realisearre wurde om in produksjelijn ynstallearje te kinnen foar de produksje fan langer hâldbere suvelprodukten, lykas yochert.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Besite oan greidbuorkerij (3 lokaasjes)
  • Observaasje praktykomstannichheden
  • Beoardieling aktiviteiten, lykas molktechnyk, rantsoen, fruchtberens, stâlklimaat, ferkeap ensf.
  • Besprekking mei de ûndernimmer
  • Konferinsje mei boeren út de omjouwing

Opmerkingen:
Doelen binne te realisearjen, potinsje is oanwêzich

Opdrachtjouwer:
PUM

Foto’s:
Sjoch hjir

Bylagen:
Rapport_Mali 2014

MALI

II – 2016

OPDRACHT:
Hein-Willem Leeraar is frege troch PUM om in bydrage te leverje oan in molkfeehâldery projekt yn Mali. It doel fan dizze reis wie it skriuwen fan in bedriuwsplan foar in tal útwreidingfinansierings. It plan is presintearre oan de bank fan de ûndernimmer yn kwestje. PUM ondersteunt initiatiefrijke ûndernimmers.
Fan july oant en mei septimber is yn Mali it reintiid. It siedzje fan mais, maralfalfa en panicum fynt dan plak.

Hein-Willem wie ferantwurdlik foar it skriuwen fan it businessplan. Hein-Willem reisde allinne.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Skriuwen fan in businessplan foar uitbreidingsfinancieringen; in stâl foar melkvee en twa vleeskuikenstallen
  • Prate mei de bank
  • Besite oan kollega’s
  • Besite irrigatieproject

 

Opdrachtjouwer:
PUM

Foto’s:
Sjoch hier

Vlag marokko

MAROKKO

I – 2018 

OPDRACHT:
Hein-Willem Leeraar is frege troch PUM om in advysmissie út te fieren by in fjouwertal coöperaties fan melkveehouders yn Marokko: Coöperatie Laatemna (praat út: Laadjemna), coöperatie Chorouk, coöperatie El Awhad en coöperatie El Baraka de Skoura M’daz, mei resp. 80, 20, 10 en 20 leden. 

De measte bedriuwen hawwe ek skiep, hinnen en oar kleinvee. It doel fan dizze reis wie it jaan fan advizen rjochte op ferheging fan de melkproductie per ko. April is sa’n bytsje it ein fan it reintiid. Earst beskôgje (diagnose), dêrnei de analyse en dêrnei de advizen. Hein-Willem wie ferantwurdlik foar it skriuwen fan it ferslach en reisde allinne.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Besite oan melkveebedrijven (10 tal lokaasjes) 
  • Observatie praktijkomstandigheden 
  • Beoordeling aktiviteiten lykas melktechniek, rantsoen, vruchtbaarheid,stalklimaat, ferkeap etc.. 
  • Besprekking mei de ûndernimmers 
  • In kaart bringe fan de ketenstructuur 

 

Opmerkingen:
Potentie is oanwêzich

Opdrachtjouwer:
PUM

MAROKKO

II – 2022 

OPDRACHT:
Besyk fan melkfee gebiet om de stêd Beni-Mellal hinne, it saneamde Tadla bassin. Tegearre mei melkwinningspesjalist Johan Grolleman, Zwolle bedriuwen besocht yn it ramt fan in trijejierrich projekt mei 19 melkfeebedriuwen.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Trochmjitten melkapparatuer: pulsator, fakuüm
  • Kontrôle hygiëne melkapparatuer
  • Trochnimmen reinigings protokol melkapparatuer
  • Lêzingen jaan oer bedongjen, bedriuwsekonomy, melke
  • Fuortgongskontrôle oanbefellingen foarige missy’s

 

Opmerkingen:
Studinten fan de Lânboupraktykskoalle ha de lêzingen folge.

Opdrachtjouwer:
RVO/Credit Agricole Marocain

vlag oeganda

OEGANDA I

I – 2015

OPDRACHT:
Hein-Willem Leeraar is troch Agriterra frege om in bydrage te leverje oan in projekt foar in coöperatie fan koffieboeren yn Oeganda. Dizze coöperatie tinkt nei oer investeringen yn har bedriuwsfiering. Foar dizze coöperatie moast in ‘bankable’ bedriuwsplan makke wurde, tegearre mei in Nederlânske koffie-expert. Dizze koffie-expert brocht teelt-expertisemei en soarge der foar dat ek de technyske kengetallen klopten. Agriterra set faak duo’s tegearre yn op in projekt.

Aard fan de activiteiten:

  • Skriuwen fan in bedriuwsplan
  • Besite oan koffieplantages
  • Ynsjoch yn de teelt fan kofje (folsleine keten)
  • Discussies mei it bestjoer fan de lokale coöperatie oer financieringsmogelijkheden

 

Opdrachtjouwer:
Agriterra

OEGANDA II

II – 2012

OPDRACHT:
Hein-Willem is frege mei te tinken om ta in oplossing te kommen foar de meganisaasje fan de lokale maisteelt yn de omjouwing fan Mbarara, Súdwest Oeganda. Fan it meitsjen fan sied bêd berêding oant en mei de rispinge. Ien en oar yn it ljocht fan seizoensdruk en it feit dat de iennige leanwurker yn de neiste omjouwing him weromlutsen hat by gebrek oan rendemint.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Ferdjipjen yn de lokale omstannichheden oan de hân fan wurkbesprekkingen
  • Besyk oan potinsjele kandidaten dy’t ynvestearje wolle yn masines
  • Beoardieljen fan it hjir en dêr oanwêzige masinepark
  • Kosten kalkulaasje per masine opstelle
  • Besyk oan boeren om de ûnderfiningen te hearren fan de ôfrûne jierren
  • Besprekkingen mei input dealers

 

Opdrachtjouwer:
SNV Uganda

peru vlag

PERU

I – 1994

OPDRACHT:
Organisearjen en begelieden fan in agrarysk kleure ekskurzje troch Nederlân foar de Ried fan Bestjoer fan it CIP, (International Potato Center) La Molina, Lima.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Besite oan typearjende Nederlânske lânskipseleminten op ’e Veluwe en yn ’e Betuwe.
  • Besite oan Conference Meeting Wageningen.

 

Opdrachtjouwer:
Partikulier

Polen vlag

POALEN

I – 2007

OPDRACHT:
Stúdzjereis foar agraryske consultants organisearre en begelaat yn gearwurking mei Nederlânske ambassade.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Lêzingen bywenne
  • Oriïntaasje op Poalske agraryske merk
  • In soad praten mei lokale boeren

 

Opdrachtjouwer:
Vereniging Agrarische Bedrijfsadviseurs

vlag portugal

PORTUGAL

I – 2011

OPDRACHT:
Stúdzjereis organisearre en begelaat foar consultants spesjalisearre yn ’e agraryske sektor.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Besite oan: koarkplantaazje, moarmergatten, Nederlânske emigranten
  • Yn ’e kunde komme mei Portugeeske foarljochtingstsjinst

 

Opdrachtjouwer:
Vereniging Agrarische Bedrijfsadviseurs

Foto’s:
Sjoch hjir

Saoudi Arabie vlag

SAOEDI-ARABIË

I – 2014

OPDRACHT:
In groep foarljochters út Saoedi Arabië folget in kursus foarljochtingskunde yn Wageningen. Yn it kader hjirfan hat Hein-Willem Leeraar & partners in middei mei ferskate sprekkers út de agraryske sektor organisearre foar harren feardichheden.

Aard fan de aktiviteiten:

  • Presintaasje Dhr.H.W.Leeraar oer lânboufoarljochtingsmodel yn Nederlân;
  • Presintaasje fan Dhr.Schuurmans oer de feroarjende rol fan de bistedokter op it boerehiem;
  • Presintaasje fan Mw.Dr.Van der Zee oer de mondiale bijeteelt.

 

Opdrachtjouwer:
Universiteit Wageningen

Bylagen:
Presintaasje H.W.Leeraar

schotland vlag

SKOTLÂN

I – 2012

OPDRACHT:
Stúdzjereis foar konsultants yn agribusiness

Aard fan ‘e aktiviteiten:

  • Besite Royal Highland Show
  • Besite oan National Farmers Union
  • Besite oan abattoir Scotbeef
  • Untfangst by famylje Galloway
  • Besite oan ierappelpoatguod-koöperaasje
  • Besite oan fleisfeebedriuw Galloway

 

Opdrachtjouwer:
Vereniging Agrarische Bedrijfsadviseurs

Zweden vlag

SWEDEN

I – 1997

OPDRACHT:
Sweedske boer woe maatskiplik ferantwurde ûndernimme. Bedriuw bestie út in melkfeehâlderij en in camping. Utgongspunt wie om safolle mooglik yn it eigen enerzjyferlet te foarsjen troch bygelyks de eigen stroom en waarmte op te wekken. Ek woe de boer sa min mooglik stikstof brûke, penisilline foar de kij beheine en de kij safolle mooglik bûten weidzje litte.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Subsydzjeûndersiken dwaan
  • Miljeumaatregels ynventarisearje
  • Finansjele en ekonomyske analyzes meitsje

 

Opmerkingen:
Sweedske boer wie ien fan ’e earste agrariërs dy’t dizze foarm fan maatskiplik ferantwurde ûndernimmen op dizze wize yn praktyk brocht hat.

 

Opdrachtjouwer:
Europeeske Uny

SWEDEN

II – 2009

OPDRACHT:
Stúdzjereis organisearre en begelaat foar consultants spesjalisearre yn ’e agraryske sektor.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Yn byld bringen fan ’e kânsen en bedrigingen fan ’e Sweedske boeren
  • Oriïntaasje op Sweedske agraryske merk
  • In soad praten mei lokale boeren

 

Opdrachtjouwer:
Vereniging Agrarische Bedrijfsadviseurs

Wereldbank

 WRÂLDBANK

I – 2009

Pre-feasibility study levert oanbefelling RECS International Inc op!

Augustus 2009
Wataru Yamamoto, projektlieder fan ’e pre-feasibility stúdzje dy’t Hein-Willem Leeraar begeliede mocht wie sa optein oer de bydrage fan Hein-Willem Leeraar oan it projekt dat der in kreaze oanbefellingsbrief út JAPAN yn Raerd yn ’e bus foel. Besjoch hjir de brief!

Letter of recommandation_1
OPDRACHT:
Wrâldbank wol dielnimmers yn ’e agraryske produksjestring yn ’e Tredde Wrâld ynsjoch jaan yn ofwol bewust meitsje fan it sertifisearringssysteem fan miljeufreonlik en/of biologysk produsearre fleis.

Aard fan ’e aktiviteiten:

  • Beskriuwings fan it Nederlânske sertifisearringssysteem
  • De skiednis fan it sertifisearringssysteem yn kaart bringe
  • Enkête-ûndersyk ûnder Nederlânske brûkers ûntwikkelje en útfiere

 

Opdrachtjouwer:
Wrâldbank

Landen HWL